Zondag 11 oktober - 15.00 uur - vrij entree
Gabriëlle Terpstra en Remco Kuiper zetten samen met zanger/liedschrijver ZEA en de voordragende poëten Martsje de Jong en Lubbert Jan de Vries een set neer van ongeveer 1,5 uur. Met uiteraard een pauze. Over de vorm van het gebeuren is niet veel dan eigenlijk niets te zeggen: er is een begin en er is een eind. Daar tussen is veel toegestaan, zo niet alles mogelijk, voor het publiek en voor de kunstenaars. Kortom: een gebeurtenis voor nieuwsgierige en vrije mensen.
Gabriëlle Terpstra & Remco Kuiper sette tegearre mei sjonger/lietskriuwer ZEA en de foardragende poëten Martsje de Jong en Lubbert Jan de Vries in set del fan likernôch 1.5 oere. Mei fansels in skoft. Oer de foarm fan it barren is net folle as einliks neat te sizzen; der is in begjin en der is in ein. Dêr tusken is in bulte tastien sa net alles mooglik; foar it publyk en foar de keunstners. Koartsein; in barren foar nijsgjirrige en frije minsken!
Quotes:
Grûnwetter- Remco Kuiper
Friesch Dagblad: ‘Grûnwetter’ is in ferbjusterende rike bondel. (Abe de Vries)
Leeuwarder Courant: It bysûndere fan de gedichten is de toan. Tichtby, eigen en hast trochsichtich. (Albertina Soepboer)
Geller – Gabriëlle Terpstra
Leeuwarder Courant: It slagget de skriuwster knap om hieltyd ôfstân te hâlden en sa de ûnderfiningen fan Geller op hast koele wize te beskriuwen sadat de lêzer syn eigen miening foarmje kin. (Doeke Sijens)
Friesch Dagblad: “Geller” is in earsteling om yn te listen! (Jaap Krol)